Het afscheid is op woensdag 21 april om 13.30 uur. Ongeveer 10 minuten voor aanvang start de livestream. Klik op onderstaande knop om de plechtigheid te volgen.
De uitvaart wordt verzorgd door Jelsumerhof Uitvaartzorg.
5 laatste groeten aan “Gjalt Harmens Jelsma 25 juny 1951 – 15 april 2021”
Rju achte famylje,
Yn de rin fan Gjalt syn arbeidsume libben ha’k op mear as ien manear mei him te krijen hân. Ik tink oan Gjalt werom as in tige minlik man, Freonlik en beskieden. Spitich dat er al sa ier mei in aaklike krupsje te krijen krige. Ik winskje jimme oprjocht sterkte mei it grutte ferlies.
Leave Gjalt, dyn lêste wurkdagen sietest by my op de keamer. En alle dagen fregest wer fol belangstelling oft ik ek op de fyts kaam wie nei de Afûk ta. Ik hie dy in langer pensjoen tawinske tegearre mei Sjirk. Mar it is sa’t it is en ik hoopje datst fanút boppe nochris nei ús swaaie silst. Dan swaai ik werom as ik op myn fytske troch Boksum fyts op nei de Afûk ta.
Dach Gjalt!
Leave Sjirk en oare famylje,
Wy hawwe selden in betinkingsbyienkomst meimakke mei sa’n minsklike en persoanlike ynhâld. Waarm! Us neef Gjalt sille wy noait ferjitten tank sij dizze gearkomste. Wy binne jimme dankber.
Wolkom Sjirk en oare famylje in Sint Nyk.
Ik haw Gjalt kennen leard yn myn tiid by Bernlef yn Grins en benammen by de aksjegroep Foka. dat stried foar kulturele autonomy fan Fryslân, dêr’t wy beide lid fan waarden yn de 70er jierren. Gjalt wie de ideolooch fan Foka, hy pleatste ús striid yn in wider ramt fan striid foar sosjale gerjochtichheid. As sadanich wie Foka in bern fan syn tiid, rûnom kamen minsken yn de wrâld yn ferset tsjin de oerhearskjende elite, Yn Fryslân de Hollânske elite dy’t neat fan it Frysk ha moast. Just dat loftse elemint binnen Foka wie net eltsenien it mei iens, benammen net doe’t Gjalt ús (as lid fan it Sintraal Komitee binnen Foka) as húswurk joech it gedachtegoed fan de kommunist Piet Reckman te bestudearjen. Foka rjochte har benammen op it ferfryskjen fan ientalich Hollânske plaknambuorden yn Fryslân as symboal fan Hollânjske dominânsje. Yn 1974 (of 1975) waarden Gjalt, Harke Bremer en iksels arresteard troch de plysje fan Snits doe’t wy dêr lâns de rûnwei plaknammen oerkalken. Wy hawwe doe in nacht opsluten sitten en waarden letter yn 1976 feroardield ta in boete troch de rjochtbank yn Ljouwert ûnder grutte belangstelling fan sympatisanten. Ik haw Gjalt kennen leard as immen dy’t fol fjoer focht foar de Fryske saak. Nei’t Foka opdûkt waard yn 1978 bin ik him stadichoan út it each ferlern, benammen doe’t wy ôfstudearre wiene en nei oare hoeken en hernen ferfarren (ik bgl. nei Dimter), mar Gjalt bleau Fryslân altiten trou.
Bêste Sjirk en famylje fan Gjalt,
Beide hawwe wy mei Gjalt wurke yn it ferline, Sikke yn de tiid fan Frysk en Frij en Jant, dy’t tagelyk mei him redaksjelid wie fan de Pompeblêden. Gjalt wie tige beskieden, mar joech ek syn eigen bydrage oan de petearen oer kopij fan beide blêden. Wy waarden al kjel doe’t wy fan syn sykte hearden en noch mear fan it berjocht dat syn libbenspaad útrûn wie. Wy winskje jim in soad sterkte by it ferwurkjen fan it fertriet.